Cultuur en uitgaan

Iepenloftspul Jorwert bringt dit jier tragikomeedzje SWYN!

Door: Ynte Dragt

JORWERT – Iepenloftspul Jorwert bringt dit jier de foarstelling SWYN! ‘De begraffenis fan in poerbêste fint’ op ’e planken. No’t it begjin juny is, binne de tariedingen foar de nije produksje yn folle gong.

Afbeelding
Foto: aangeleverd

Yn SWYN! is it publyk te gast by de begraffenis fan Stef Zwijnenberg, yn it doarp better bekend as Swyn. Hy stie bekend as in man dy’t der altyd wie foar elkenien. Mar by in útfeart wurde ferhalen ferteld, en dy ferhalen binne net altyd sa rjochtlinich as se lykje.

Famylje, freonen en ûnferwachte gasten nimme it wurd. Oantinkens botse, wierheden komme op losse skroeven te stean en wat begjint as in waarm ôfskied, groeit út ta in hystearyske klimaks.

Mei humor, drama, muzyk en skerpe dialogen ûndersiket SWYN! hoe’t minsken omgean mei ferlies, wierheid en mei elkoar. De sintrale fraach: slute wy de kiste, of iepenje wy it ferhaal?

De kaartferkeap foar SWYN! ‘De begraffenis fan in poerbêste fint’ is fanôf no iepen. Klik hjir foar it bestellen fan jo kaarten.