Jildau, Betty en Marrit winne 82ste edysje FeRstival: “In frouljusfeest diskear!”
LJOUWERT - Jildau van der Meulen, Betty Steeman en Marrit Boetje wûnen de 82 ste edysje fan FeRstival, de Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn de Harmonie yn Ljouwert makken sy de measte yndruk op de sjuery mei harren foardrachten.

Jildau fan it Lauwers College Bûtenpost wie de grutte winner by de Starters, de kategory foar earsteklassers. Sy die dat mei it gedicht ‘Om’e moanne hinne” fan Wilco Berga . “In fers fan heech niveau dat mei in soad ynlibbingsfermogen foardroegen waard,” sei Starters-sjueryfoarsitter Brecht Wassenaar.
Yn de kategory Trochsetters, foar twadde- en treddeklassers, wie it earste plak foar Betty Steeman fan it Liudger (Burgum). Dat wie mei it gedicht “Lit my libje” fan Berber Spliethof. “Betty naam ús mei yn har wrâld,” fûn de sjuery mei û.o. Theun Plantinga. By de Toppers, foar fjirdeklassers en heger, wie Marrit Boetje fan it MBU de grutte winner. Mei it gedicht “Krêft” fan Jelle Bangma sette sy in tige krêftige en behearske foardracht del, sei Toppers-sjueryfoarsitter Arjan Hut. Der diene 34 dielnimmers oan de finale mei, op de foarrondes kamen yn totaal mear as 100 dielnimmers ôf.
Jongerein en Fryske poëzij
FeRstival wurdt organisearre troch Cedin ûnder de flagge fan Taalplan Fries 2030. FeRstival waard yn 1942 troch de Fryske Underwiisrie ynsteld. Doel wie om de belangstelling te befoarderjen foar poëzy, en dan benammen foar de Fryske. De inisjators fûnen it ek wichtich dat learlingen ûnderfine hoe’t it is om op in poadium te stean. Yn al dy jierren hawwe hiel wat pubers meidien dy’t it letter makken op de planken. Tink oan Rients Gratama, Nynke Laverman en Theun Plantinga.
Alle winners fan 2026:
Starters (earsteklassers)
- Jildau van der Meulen, Lauwers College Bûtenpost
- Jildau Reitsma, Lauwers College Bûtenpost
- Leanne Kamstra, Liudger Burgum
Trochsetters (twadde- en treddeklassers)
- Betty Steeman, Liudger Burgum
- Marije Buma, Liudger Burgum
- Féline Visser, Lauwers College, Bûtenpost
Toppers (fjirdeklassers en heger)
- Marrit Boetje, MBU
- Aafke van der Meer, Bornego College Junior, It Hearrenfean
- Annerixt Verhagen, Anna Maria van Schurman, Frentsjer
Boarne: FeRstival






